Doorgaan naar inhoud

De kâlde krústocht

De kâlde krústocht - Hylke Speerstra
Luisterboek (MP3)
Nieuw vanaf 9,00

Koop Tweedehands

Niet tweedehands beschikbaar.

Verkrijgbaar als Luisterboek

Centraal Magazijn
Luisterboek
9,00

Omschrijving

Yn dit boek mei nije iisferhalen fan Hylke Speerstra wurdt de lêzer meisleept op in spannende winterreis. Ûnder him heart er it skrassen fan de redens en it kreakjen fan it iis. Der glydt in hiele ieu oan him foarby. Ûnderweis begjint de lêzer mei te libjen mei de haadfigueren dy't op syk binne nei frijheid, gelok en bettere tiden. En nei de útdaging dy't ek op it iis te finen is...

Rasferteller Hylke Speerstra (1936) hat it Fryske folkslibben op in ûnferjitlike manier fêstlein yn boeken as Neaken en bleat foar de dokter en De oerpolder.

Der ferskynden earder iisferhalen fan him yn de bondel Op redens oer. (Ek as harkboek by Audiofrysk.) Hy hat ferskate kearen meidien an de Alvestêdetocht.
It is mear as in sportboek, it is in sosjaal dokumint fol hoop en wanhoop yn de krisisjierren, ferrie yn de oarloch, en fan leafde troch alle tiden hinne. En yn elk ferhaal lizze drama en humor perfekt by elkoar yn de slach.

Ferhalen
1. De triennen fan Eagmaryp
2. Boer en lânhearre
3. De leafde fan Woltsje Wybranda
4. It ferried
5. Let berou
6. De Alvestêdewidner
7. De koperjildman
8. De krústocht fan Bertus Hartman
9. Klúnhove
10. Jabik en Dieuwertje
11. De tocht fan 2018